Bennerpriis foar Panhuysen

10 jan 2012 - 17:11

Paul Panhuysen krijt de Gerrit Bennerpriis. Panhuysen is in grutte namme yn byldzjende keunst en wie yn de jierren sechtich aktyf yn Fryslân. Hy wie fan 1963 oant 1965 direkteur fan de Ljouwerter keunstakademy Vredeman de Vries en siet yn it keunstnerskollektyf Bende van de Blauwe Hand. De sjuery fynt sels ek dat syn Fryske aktiviteiten wol lang lyn binne, mar mient dat er fan grutte ynfloed west hat.

Panhuysen makket lûdskeunst en is bekend om syn snaarynstallaasjes. Hy eksposearret noch altiten oer de hiele wrâld.

De Gerrit Bennerpriis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt. Panhuysen krijt de priis foar syn hiele oeuvre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)