Benjamin Kok wint Beareloop

02 nov 2008 - 16:09

De tolfde Beareloop op Skylge is snein wûn troch Benjamin Kok fan Jistrum. Hy wûn yn in tiid fan 2.31. De bruorren David en Chris Heemstede waarden respektyflik twadde en tredde.

Grutte favoryt Saher Youssef fan It Hearrenfean waard teloarstellend fjirde. Kok hie al trije kear de heale maraton wûn op Skylge en die foar it earst mei op de maraton oer 42 kilometer en 195 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)