Benefytsaksje Bernlef slagge

25 aug 2008 - 13:56
  • It affysje fan it aksjewykein

Studinteferiening Bernlef fan Grins hat dit wykein mei ferskate aktiviteiten sa'n 8.000 euro byinoar helle. Dit jild sil brûkt wurde om de boete te beteljen, dy't se krigen foar de Kameleonfilm, dy't se sûnder tastimming fan 'e útjouwerij makken.

De studinten begûnen ôfrûne freed yn Snits mei harren bierfyts. Dêrnei wie der ûnder oare in Fryske kenniskwis yn Frjentsjer en in sterkeman-wedstriid. Snein wie der yn Snits in benefytkonsert, dat in soad folk luts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)