Benefytkonsert sikehûs sukses

03 apr 2004 - 00:00

It benefytkonsert foar MRI-scan foar it sikehûs De Sionsberg freed yn Dokkum wie in grut sukses. Sa'n 800 minsken kamen op it konsert ôf. De opbringst is foar de oanskaf fan in MRI-scan, in apparaat dat ûnder oaren hert- en spierweefsel yn kaart bringt.

Ferskate shantykoaren en artysten treden fergees op. Ek de direksje en de hiele röntgenôfdieling fan it lytste sikehûs fan Nederlân wiene oanwêzich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)