Benefytkonsert foar tsjerke

22 okt 2006 - 12:09

It benefytkonsert foar de restauraasje fan de tsjerke yn Tsjummearum hat sneontejûn 7000 euro opsmiten. It konsert waard hâlden yn de Harnehal. Mei inoar kamen der sawat 600 minsken op ôf. Der wiene optredens fan ûnder oare Rients Gratama, Albert Bonnema en muzykferiening De Bazuin.

It jild is foaral foar de opknapbeurt fan it dak fan de tsjerke. De tsjerke is gjin monumint en de restauraasje moat troch it doarp sels betelle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)