Benefytkonsert foar Roemeenske

01 nov 2003 - 00:00

Akkelien Brinkman fan Twizel hat in bysûnder benefytkonsert organisearre. Op 14 novimber wurdt yn Bûtenpost in konsert jûn foar it Roemeenske famke Nicolette. De Roemeenske ferlear har earm yn in seachmasine dy't troch de ynwenners fan Achtkarspelen oan in Roemeenske sustergemeente skonken wie.

Akkelien luts har it lot fan Nicolette oan en doe't se jild ynsammele op in piratemuzykfeest, ûntstie it idee foar in benefytkonsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)