Benefytgala De Friesland

23 nov 2013 - 08:38
  • Kantoar fan De Friesland yn Ljouwert

It benefytgala fan soarchfersekerder De Friesland hat freedtejûn goed 102.000 euro opsmiten. De jûn, dy't foar de fjirde kear organisearre waard, stie yn it teken fan it Prinses Máxima Centrum yn Utrecht dêr't fan 2016 ôf bern mei kanker behannele wurde.

Op it benefytgala is freed jild ynsammele foar in kommunikaasjesysteem foar Fryske bern. Sy kinne dêrmei yn kontakt bliuwe mei har âlders as dy net yn it Prinses Máxima Centrum wêze kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)