Benefytdiner foar Milou Bosscher by Friese Poort

01 apr 2016 - 11:28
  • Milou Bosscher

Studinten fan ROC De Friese Poort organisearje tongersdei in benefytdiner foar Milou Bosscher. Milou is trettjin jier en wie in grut turntalint. By in ûngelok op it Nederlânsk kampioenskip trampolinespringen foar klupteams krige se in ûngelok. It gefolch dêrfan is dat se no in dwarslesy hat.

De studinten lûke har it lot fan Milou oan en wolle mei it diner jild ynsammelje. Se hoopje dat se it libben fan Milou wat makliker meitsje kinne. It diner fynt tongersdei plak yn restaurant NU fan ROC Friese Poort yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)