Benefytaksje yn Wolvegea

10 maaie 2009 - 13:59
  • Foto's: Lenus van der Broek

Op it Achtpilarenplein yn Wolvegea is sneon in benefytaksje holden mei it tema 'Wolvegea iepenet syn hert'. De aksje wie foar de sânjierrige Joey Sasse út Wolvegea, dy't kanker hat, en de stifting Kika.

De besikers koene meidwaan oan ferskate aktiviteiten en de opbringst gong nei Kika. Ek wiene der optredens fan ferskate bands en koene de bern meidwaan oan spultsjes. Dizze aksje waard mei organisearre troch it jongeresintrum M!X.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)