Benefyt foar hynsterêdingsboat

29 mrt 2009 - 12:20
  • De hynsterêdingsboat fan It Amelân

In benefytkonsert foar de hynsterêdingsboat fan It Amelân hat hast 500 euro opsmiten. It jild waard byinoar brocht troch de besikers fan in muzykjûn sneontejûn yn it Stayokay hostel by Hollum.

Der waard spile troch twa lûkharmoanikagroepen en it juttersfrouljuskoar fan it eilân trede ek op. It jild is foar it ynstân hâlden fan de hynsterêdingsboat. De boat is de iennichste yn syn soarte op de hiele wrâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)