Benedictus nije foarsitter NLTO

10 des 2002 - 00:00

Geart Benedictus is de nije foarsitter fan de NLTO, de Noardlike Lân- en Túnbou Organisaasje. Moandei besleat de lederied dat de boeresoan en feearts fan 'e Jouwer de nije foarman wurdt. Benedictus wie earder direkteur fan de sûnenstsjinst foar bisten yn Fryslân.

De oare kandidaat foar de foarsittershammer wie Willy Schutte, boer út Nagele. Benedictus hat yn ien omloop wûn mei 54,12 prosint fan de stimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)