Benedictus: foarsitter kieze

16 maaie 2008 - 16:31
  • Geart Benedictus

Kommissaris Jorritsma hoecht de gearkomsten fan provinsjale steaten net foar te sitten. Fise-foarsitter Geart Benedictus (CDA) fynt dat de steaten sels har eigen foarsitter kieze moatte. Dat de kommissaris automatysk de steaten foarsit is neffens Benedictus 'net mear fan dizze tiid'.

Benedictus sei dit by de ynstallaazje fan John Jorritsma as Kommissaris fan de Keninginne. Benedictus wol him hjir yn de Earste Keamer foar ynsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)