Bende sjantearret sakeman

14 nov 2002 - 00:00

In bende fan fjouwer man hat yn Ljouwert in sakeman foar 250.000 euro ôfset. Dat die tongersdei bliken foar de rjochtbank yn 'e Fryske haadstêd. De fertochten sjantearden de sakeman mei syn pedofily. Se soene foto's en fideo's hawwe dêr't op te sjen is dat de man seks hat mei bern.

De bende wurdt ek fertocht fan driging mei geweld, drugshannel en brânstichting. Der is noch gjin eask dellein in dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)