Benaude winst UNIS Flyers

22 jan 2014 - 22:56

De UNIS Flyers ha woansdeitejûn in benaude 4-3 oerwinning helle tsjin de Dordrecht Lions. De perioadestannen yn Dordrecht wiene 1-2, 0-2 en 2-0. Shawn Collymore en Sander Dijkstra soargen foar de Flyers goals yn de earste perioade. Deselde spilers diene dat ek yn de twadde perioade. Doe't Dordrecht op it eigen iis yn de lêste perioade twa kear skoarde folgen der noch sân spannende minuten, mar de punten gongen nei It Fean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)