Benaud foar oaljeramp

08 jul 2010 - 15:26
  • Foto: Omrop Fryslân

De risiko's fan it boarjen nei oalje yn de Noardsee moatte yngeand ûndersocht wurde. Dat wolle Fryslân en de oare fjouwer oare kustprovinsjes yn Nederlân. Se hawwe dêroer in brief stjoerd nei demisjonêr premier Balkenende.

De provinsjebestjoeren binne kjel wurden fan 'e oaljeramp yn de Golf fan Meksiko. Se wolle risiko's sa folle mooglik útslute. Yn oare lannen om de Noardsee hinne is it regear ek om in ûndersyk frege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)