Benaud foar komst stoeterij

14 apr 2013 - 16:43
  • hynders

Mear as de helte fan de ynwenners fan Haskerhoarne sjocht de grutte nije stoeterij dy't yn it doarp komme moat, net sitten. Benammen de grutte fan it gebou kin op in soad wjerstân rekkenje.

Dat docht bliken út in enkête dy't doarpsbelang yn Haskerhoarne hâlden hat. Goed 60 persint fynt it gebou fan 10 meter heech, 50 meter breed en 160 meter lang, te grut. Mar ek binne der soargen oer de ekstra ferkearsdrokte as der eveneminten binne yn de stoeterij.

De gemeente stiet wol achter de plannen fan ûndernimmer en hynsteman Jaap van der Meulen en ek de wolstânskommisje is akkoart. Van der Meulen ferwachtet dan ek dat de stoeterij der oer goed in jier gewoan stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)