Bemoeienis Tadema bliuwt

22 jan 2005 - 12:00

Eks eare-foarsitter Tadema bliuwt him bemoeien mei Ljouwerter Sweltsjes. Tadema sei dizze wiken syn lidmaatskap fan de fuotbalklub op, om't er it net iens wurde kin mei it bestjoer. Tadema wol noch wol belutsen bliuwe by 'syn' Sweltsjes.

It bestjoer fan de fuotbalferiening achtet de kwestje Meindert Tadema foarby. De klub woe de âld-foarsitter earder al royearje om't dizze har foar de fuotten rinne soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)