Bemiddelaar foar skoalkonflikt

05 apr 2006 - 21:12

De gemeente Weststellingwerf en de ryksynspeksje op it basisûnderwiis ha de minister fan ûnderwiis frege om in bemiddelaar oan te wizen. Dy moat in ein meitsje oan de rûzje op de Wethâlder A. Heidaskoalle yn Munnekebuorren. It skoalbestjoer hat al jierren in konflikt mei de âlders út de meisizzenskipsried. Ek krijt de skoalle al jierren minne rapporten fan de ûnderwiisynspeksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)