Bemiddelaar foar Nij Saailân

31 mrt 2009 - 22:57

In ´omjouwingsmanager´ moat it projekt Nij Saailân yn Ljouwert yn goeie banen liede. De stêd hat mei dizze funksjonaris in lanlike primeur.

Jan_Stieber moat as omjouwingsmanager de problemen tusken de omwenjenden de gemeente en oannimmers oplosse. It wurk oan it plein set kommende moandei útein. Fan 19 april ôf is it hielendal sluten foar it publyk. Yn de kommende trije jier wurdt der 125 miljoen euro ynvesteard yn in nije parkearkelder, winkels, wenten en in nij museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)