Bemealling polders set út ein

08 jan 2012 - 17:57
  • De burd heech wetter

Wetterskip Fryslân begjint sneintejûn mei it bemeallen fan de polders. It wetter yn de Fryske boezem sakket stadichoan en dêrom kin no it polderwetter ek oer de marren en kanalen ôffierd wurde. Dat giet yn etappes om de skea oan de wâlskanten sa lyts mooglik te hâlden. Fan sneintemiddei ôf kin der wer wetter loasd wurde op de Waadsee.

Fan sneon 7 oere oant snein 7 oere hat it Wetterskip twakear de ynhâld fan de Snitsermar ôffierd. Sneintemoarn hawwe tritich wetterskipsminsken de minne plakken yn de kaaien ynspektearre. Der binne gjin nije probleemgefallen fûn. De kaaien binne no stabyl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)