Bemanning rêden fan skip

05 sep 2013 - 22:37
  • De Amelanner rêdingboat

In reddingsboat fan It Amelân hat tongersdeitejûn fjouwer bemanningsleden rêden fan in fiskersboat. Yn de masjinekeamer fan de Yerseke 42 wie brân ûntstien. De boat lei op goed in kilometer ten noarden fan it eilân. Fjouwer reddingsboaten fan It Amelân, Skylge en Skiermûntseach kamen yn aksje.

De earste boat fan It Amelân hat de bemanning fan it skip helle, wêrnei't in twadde boat mei de brânwacht kaam om de brân te blussen. Dy wie lykwols al út sa die bliken. By de brân rekken gjin minsken ferwûne.

De kapitein bleau al dy tiid oan board en ek de bemanning is werom set nei't de brân út wie. De boat is troch rederij Noordgat nei de haven fan Harns sleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)