Bemanning drugsboat noch fêst

30 jul 2007 - 21:10

De fjouwer bemanningsleden fan in syljacht fol mei softdrugs bliuwe yn elts gefal noch twa wike fêst sitten. Dat hat de rjochter-kommissaris yn Ljouwert moandei bepaald. It giet om trije Friezen en in man út Ede. It skip waard ferline wike by in rûtinekontrôle op 'e Noardsee boppe Skylge oantroffen.

Op it jacht lei in partij fan 1500 kilo hasj en dêrom tinkt justysje dat it om in profesjonele bende giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)