Bemanne pomp hat it dreech

17 jun 2013 - 11:02
  • Allinnich al yn Ljouwert waarden fjouwer Shellpompen stillein

Benzinestasjons mei personiel hawwe it swier om ferskate redenen. Sa wurdt der minder tankt, om't auto's suniger wurden binne. Mar se hawwe benammen in soad lest fan ûnbemanne tankstasjons dy't der hieltyd mear fan komme. De benzine is dêr folle foardieliger.

Troch de krisis moat alles foar minder jild. Autoleasebedriuwen tippe klanten wêr't se it goedkeapst tanke kinne. Dat is faak by de ûnbemanne stasjons. De bemanne stasjons ferkeapje ek iten en drinken en se hawwe in broadsjeshoeke om mear klanten te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)