Belwinkel moat healjier ticht

05 feb 2013 - 16:51
  • e_dolphins

Belwinkel 'Call Internet City' oan De Tunen yn Ljouwert moat 6 moannen de doarren slute. Dat neidat de plysje dêr yn desimber 2012 in grutte partij harddrugs oantrof. De drugs kamen oan it ljocht by in ûndersyk nei yllegaal gokken. It giet ûnder mear om 17 boltsjes kokaïne en 13 boltsjes heroïne. De fertochte drugsdealers binne oanhâlden. Boargemaster Crone slút de belwinkel no om de bekendheid fan it pân as drugsadres te trochbrekken. En om derfoar te soargjen dat drugsferslaafden net mear nei it gebou ta komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)