Belvédère is it nûmer-1-gebou

06 jan 2009 - 14:11
  • Museum Belvédère by Oranjewâld

It moaiste gebou dat de lêste jierren boud is yn Fryslân, is museum Belvédère yn Oranjewâld. Dat docht bliken út de harkersenkête yn de nûmer ien wike fan Omrop Fryslân.

Alle minsken dy't it museum neamden, fine dat it gebou moai yn it lânskip fan Oranjewâld past. Op it twadde plak einige de nije houten brêge oer de rûnwei yn Snits. Op in moaie manier fernijend en passend yn de skipfeart-tradysje fan Snits, sa fine de harkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)