"Belutsenen deadlike oanriding hienen al jierren in skeel"

24 mrt 2016 - 16:58

De 81-jierrige automobilist, dy't moandei belutsen wie by in deadlik ûngelok yn Dokkum, bliuwt twa wiken langer yn foararrest sitten. Dat hat de rjochter-kommissaris tongersdei besletten. De man wurdt fertocht fan moard of deaslach op in 80-jierrige Dokkumer.

De fertochte ried it slachtoffer oan op de Wâlddyk. Op syn lichem is seksje ferrjochte. Nei oanlieding fan nije ynformaasje en petearen mei tsjûgen komt de plysje no ta de konklúzje dat it mooglik net om in ûngelok gie.

De beide manlju koene mekoar en hiene in skeel, sa fertelle buertbewenners. Neffens buorlju wie de fertochte lilk dat it slachtoffer yn '79 by him yn 'e hûs west hie wylst hy net thús wie.

Ek fertelle se dat de Irakees, sa't se him neame, jierren lyn foar in geweldsdelikt fêstsitten hat. Datsoarte ynformaasje wol de plysje net jaan. Se binne wol op syk nei noch mear tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)