'Belûk ûndernimmers De Lemmer'

17 okt 2013 - 07:18
  • Logo gemeente Lemsterlân

Lemster ûndernimmers moatte in heal jier de tiid krije om mei plannen te kommen foar nije winkels of bedriuwen op it plak fan it âlde gemeentehûs. Dat hat de gemeenteried fan Lemsterlân woansdeitejûn sein. Op 1 jannewaris hâldt de gemeente Lemsterlân op te bestean. De gemeente giet dan op yn de nije gemeente De Fryske Marren. Der binne fiergeande plannen om it âlde gemeentehûs te slopen en te ferfangen foar wat nijs. Under oare de bibleteek soe yn dat nije gebou komme kinne.

De ried fynt it wichtich dat de Lemster ûndernimmers belutsen wurde by de plannen. De kâns dat it besteande gemeentehûs stean bliuwt, is neffens wethâlder Jelle Wesselius lyts. Foar de nije publyksbaly hat de De Fryske Marren al in oar plak op it each.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)