Belslydjeien giet net troch

20 jan 2001 - 15:41

It belslydjeien, dat sneon hâlden wurde soe op De Smelle Ie by De Feanhoop, giet definityf net troch. By de tariedings sakken freed twa auto's troch it iis. Foar de organisaasje is dat oanlieding om de wedstriid te skrassen.

It risiko soe te grut wêze foar hynders, riders en publyk, neffens de organisaasje. It beslydjeien is in âlde Fryske tradysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)