Belsliderider Thialf ferstoarn

27 maaie 2013 - 13:15
  • De belslide yn Thialf

Meint Tjallings Postma, de man dy't 35 jier lang de belslide op Thialf beriden hat, is ôfrûne tiisdei ferstoarn. Postma út Tsjerkgaast begûn goed 35 jier lyn mei it rûnriden fan kampioen Atje Keulen Deelstra op Thialf op It Hearrenfean. Dêrnei folgen noch in hiel soad kampioenen.

Postma hie it stokje yntusken al oerdroegen oan syn soan. Meint Tjalling Postma is 75 jier wurden. Postma wurdt tiisdei te hôf brocht mei de lykkoets mei dêrfoar syn eigen hynders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)