Belsintrum yn 't spier foar SR

22 des 2013 - 16:02
  • It belsintrum yn de boppeste ferdjipping fan de Achmeatoer

Yn de panoramaseal op de 26e ferdjipping fan de Achmeatoer yn Ljouwert sitte 24 oeren deis frijwilligers. Dy noteare dêr de fersykplaten foar 3FM Serious Request mei dêrby it bedrach dat dêrfoar bean wurdt.

It bieden foar fersykplaten is ien fan de âldste wizen wêrop it jild ophelle wurdt foar de jierlikse aksje tsjin in 'stille ramp'. Dit jier wurdt it jild ynset tsjin bernestjerte troch diarree. De frijwilligers hawwe in bysûnder moai útsjoch. Fan de toer ôf is it Saailân mei dêrop it Glêzen Hûs en de tûzenen besikers goed te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)