Beloften H'fean winne ferrassend

03 aug 2006 - 12:40

It beloftenteam fan sportklub Hearrenfean hat yn in oefenwedstryd mei 3-1 wûn fan earste divyzjeklub FC Omniworld. De ploech út Almere kaam mei 1-0 foar. Foar de rêst makke Hearrenfean fia Henrico Drost út in penalty de lykmakker.

De nije spits Age Hains Boersma makke nei twa minuten yn 'e twadde helte de 2-1. De einstân fan 3-1 waard op it skoareboerd brocht troch de Kanadees Will Johnson.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)