Beloften Hearrenfean winne

28 okt 2013 - 21:04
  • Michael Chacon skoarde twa kear

It belofteteam fan SC Hearrenfean hat moandeitejûn yn eigen hûs de beloften fan PEC Zwolle mei 4-2 ferslein. Hearrenfean kaam yn de earste helte op efterstân, mar koe noch foar de rêst de lykmakker meitsje. Nei rêst kaam de ploech earst wer op efterstân, mar wist dêrnei út te rinnen nei 4-2.

Michael Chacon en Uche Nwofor skoarden beide twa kear foar SC Hearrenfean. Op de wedstryd yn it Abe Lenstrastadion kamen in lytse fiiftûzen taskôgers ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)