Beloften Cambuur hurd ûnderút

24 mrt 2009 - 09:27

Jong_Cambuur hat moandeitejûn kânsleas mei 6-0 ferlern FC Omniworld út Almere. Nei 23 minuten wie de stân al 3-0 op it fjild fan partnerklup ONS Snits. Dêrnei like de ploech fan de trainers Johan Groote en John de Hoop wat werom te kommen, mar in grutte kâns waard net benutten.

Nei it skoft skoarde Omniworld noch trije kear en waard de ôfgong folslein. Troch it ferlies bliuwt Jong Cambuur ûnderoan stean yn de earste divyzje A.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)