Beljende fytser (18) komt om

14 sep 2000 - 17:52

In 18-jierrige fytser út Stiens is woansdei by fiven by spoarwei-oergong Achter de Hoven yn Ljouwert skept troch de trein út Grins.

Neffens de spoarweiplysje en tsjûgen fytste it slachtoffer al beljend tusken de sletten spoarbomen troch. De masinist besocht fergees te remjen. Hy wie op slach dea. De masinist is tige oandien troch it tragyske ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)