Belje oer dokterskonsult

12 nov 2012 - 11:57
  • Gebou fan De Friesland yn Ljouwert

Klanten fan soarchfersekerder De Friesland dy't twifelje oer in besite oan de dokter, kinne tenei earst fia in spesjaal telefoannûmer om ried freegje. Dêr sitte 24 oeren deis ferpleechkundigen en dokters klear dy't advys jouwe. Neffens bestjoersfoarsitter Monissen is dat advys net binend. Minsken krije alle frijheid om dochs nei de dokter te gean, ek as it advys negatyf is. Dat hat ek gjin konsekwinsjes foar de kosten.

It nije ynformaasjenûmer giet takom wike offisjeel yn. Klanten wurde dêr mei in brief fan op 'e hichte brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)