Belienbank de Jouwer is súkses

10 des 2007 - 17:21

De bank bestiet noch mar in jier, mar in soad Friezen mei in smelle beurs meitsje der al gebrûk fan. Moandei wie der in eksekúsjefeiling by it 'Pandhuys Joure'. Goed 350 sieraden waarden by opbod ferkocht.

Dy juwielen binne troch minsken ynbrocht. Sy krigen fuortendaliks in jildbedrach útkeard. Nei in heal jier kinne se dat jild wer werom betelje en it sieraad op 'e nij meinimme. Mar net elkenien slagget dêr yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)