Belied Weststellingwerf oanpast

28 des 2004 - 14:50

Weststellingwerf docht it goed mei it miljeubelied. Earder krige de gemeente fan it ministearje fan VROM in pear warskôgings. Der wie bygelyks gjin miljeuplan.

Ut ynspeksjes hat bliken dien dat de gemeente it no better foar elkoar hat. Der moat noch wol in soad papierwurk regele wurde. Oer in healjier krijt de gemeente wer besite fan it ministearje. Dan moat alles op oarder wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)