Belied CDA hellet kiezer werom

28 nov 2011 - 22:51
  • CDA

It belied dat it CDA no binnen dit kabinet fiert sil derfoar soargje dat de kiezer wer werom komt by de partij. Fraksjefoarsitter Sybrand Van Haersma Buma tinkt dat de besunigings en keuzes fan no der op termyn foar soargje sille dat it lân sterker wurdt. De wurdearring fan de kiezer komt dan wol werom.

Hy spruts moandei op de algemiene ledefergadering fan it CDA Fryslân yn Ljouwert. Guon CDA'ers seine muoite te hawwen mei de koers fan de partij. Ek fregen se har ôf wa't no de lieder is fan it CDA. De wurden fan de fraksjefoarsitter koene har net gerêststelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)