Belgen winne keatsfariant Llargues yn Berltsum

27 sep 2015 - 15:29

De finale fan de fyfde edysje fan de Champions League Llargues gie tusken it Belgyske Kerksken en Team NL út Nederlân. Yn Berltsum wûnen de Belgen oertsjûgjend mei 8-0. Foar it Nederlânske team keatsten Enno Kingma, Menno van Zwieten, Kees van der Schoot, Marten Feenstra en Hendrik Kootstra.

Kerksken hie yn de heale finale de Nederlânske Allstars ferslein mei 8-3 wylst it Nederlânske team dochs wol wat ferrassend wûn mei 8-5 fan de Belgyske vice-kampioen Baasrode.

Llargues is in fariant fan it keatsen. It wurdt dien op strjitte en der steane fiif man yn it perk en se spylje mei in gruttere, hurdere bal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)