Belgen sille ek fierljeppe

08 maaie 2007 - 11:10
  • fierljepper Evert van der Wal yn aksje (foto: Martin de Jong)

Der sil dizze simmer fierljept wurde yn België. In Belgysk VVV-kantoar organisearret in kursus om it fierljeppen te learen. Dy wurdt jûn troch fierljeppers fan Polsstokbond Holland.

It giet los yn it wykein fan 23 en 24 juny. De bedoeling is om in feriening op te setten yn België. Op termyn kin der in wedstryd tusken Nederlân en Belgie hâlden wurde, sa binne de plannen fan it kantoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)