Belestingtsjinst 300 banen derby

18 maaie 2005 - 14:33

De Belestingtsjinst yn Ljouwert krijt der 300 banen by. De fakatueres binne foar in nij callcentrum fan de belestingtelefoan. De belestingtsjinst hat der ekstra taken by krigen en dêrtroch is der mear drokte by de Belestingtelefoan. It giet dan om nije regelingen as ekstra taslaggen en berneopfangen.

It nije callsintrum moat fan it hjerst út ein sette. De meiwurkers krije earst in training.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)