Belestings SWF net omheech

16 sep 2011 - 12:09

By in soad Fryske gemeentes geane de belestingen foar de ynwenners omheech, mar yn Súdwest-Fryslân bliuwe se gelyk. Oarsaak is de weryndieling.

Troch fiif gemeenten yn ien grutte gemeente te skowen, hat Súdwest-Fryslân tsien miljoen euro besparre. Mei dat jild hoecht de gemeente no minder te besunigjen as oars. Wol stekt Súdwest-Fryslân trije ton yn in nij fûns. Mei dat fûns moatte wurkleazen wer oan in baan holpen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)