Belestingprobleem BV Sport

13 sep 2004 - 16:33

De gemeente Ljouwert moat in oplossing fine foar de ekstra BTW dy't de BV Sport betelje moat. Dat skriuwt de CDA-riedsfraksje fan Ljouwert.

De BV Sport moat oer in perioade fan seis jier noch fjouwer miljoen euro oan BTW betelje. Dat hat it Ljouwerter gerjochtshôf bepaald. Om't wethâlder Hafkamp sein hat dat BV Sport dy fjouwer miljoen net opbringe kin, is it CDA benaud dat de gemeente foar de kosten opdraait.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)