Belestingferheging op gebouwen troch komst ûndernimmersfûns

17 des 2015 - 22:55

Der komt definityf in ûndernimmersfûns yn Súdwest-Fryslân. In grutte mearderheid yn de gemeenteried is dêr tongersdeitejûn mei akkoart gien. Dat betsjut dat de ûnreplik guodbelesting justjes omheech giet foar gebouwen dy't gjin wenten binne. Yn de praktyk binne dat foaral bedriuwsgebouwen.

It jild dat dêrmei ophelle wurdt, giet nei it fûns en wurdt troch de oansletten ûndernimmersferienings útjûn. De ferwachting is dat dy aanst 850.000 euro te besteegjen ha.

Dizze konstruksje liket foaral goed te wurkjen yn stêden en grutte doarpen, mar net oerol sjogge ûndernimmers dat sitten. De ûndernimmersferiening fan Blauhús is bygelyks tsjin en der binne ek genôch ûndernimmers net oansletten by in feriening.

As der genôch ûndernimmers yn ien postkoadegebiet sizze dat sy net meiwurkje wolle, dan kinne sy it jild werom krije. Boeren binne al útsletten fan dielname op harren fersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)