Belesting werom nei middenstân

19 des 2006 - 23:04

Der is in grutte kâns dat Ljouwert alle baatbelesting foar it opknappen fan de binnenstêd oan de ûndernimmers werombetelje moat. Undernimmers yn it sintrum moatte sûnt 1999 meibetelje oan ynvestearrings yn it winkelgebiet. De middenstân hat dêroer prosedueres tsjin de gemeente start.

De Hege Ried docht ynkoarten útspraak oer de kwestje. De gemeente hat al 1,3 miljoen reservearre om de belesting werombetelje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)