"Belesting net omheech dwaan"

04 jul 2006 - 23:28

De toeristebelesting yn de gemeente Gaasterlân-Sleat moat net fierder omheech. Soks soe slimme gefolgen ha foar it tal fekânsjegongers. Dat tinkt de Recron, de organisaasje fan ûndernimmers yn de rekreaasje. Dy wol dêr tiisdei oer prate mei de ried.

Ferline jier is de toeristebelesting al ferhege fan 0,55 nei ien euro. Fanwege in grut tekoart wol it kolleezje fan B & W de belesting nochris ferheegje, nei 1,50 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)