Belesting Hearrenfean omheech

23 apr 2004 - 00:00

De ûnreplik-saakbelesting yn 'e gemeente It Hearrenfean giet mei 4.5% omheech. De gemeente sit krap by kas, sa waard freed by de presintaasje fan 'e begrutting bekendmakke. Alle Fryske gemeenten komme dizze wiken mei de begrutting nei bûten. Oeral gean de kosten omheech en moat besunige wurde.

De begrutting fan It Hearrenfean is no slutend, mar mei it each op in ekstra koarting fan it Ryk moat yn 'e takomst opnij besunige wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)