Belesting Dongeradiel omheech

09 apr 2009 - 13:39

Dongeradiel stiet op it tredde plak by it omheech gean fan de ûnreplikgoed-belesting yn Nederlân. It ôfrûne jier gie dy belesting mei 20,4 prosint omheech. It lanlik gemiddelde leit op 4 prosint. Yn de gemeente Leiderdorp gie de belesting it meast omheech. Dêr wie de stiging goed 40 prosint.

Der is goed nijs foar de ynwenners fan Wûnseradiel. Dy gemeente stiet lanlik op it twadde plak wat it sakjen fan de ûnreplikgoedbelesting oangiet. Dy sakke dêr mei goed fiif prosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)