Beleanning foar gouden tip

26 aug 2003 - 00:00

In stifting út Montfoort jout in beleanning fan 25.000 euro foar ynformaasje dêr't de ûntfierde Lusanne van der Gun út Aldeberkeap mei opspoard wurde kin. De stifting lit dat witte op de website fan it tv-programma Tros Vermist. It jild wurdt pas útkeard nei feroardieling fan de dieder.

Nei oanlieding fan de útstjoering fan Tros Vermist kamen al krapoan 300 tips binnen. Neffens de plysje wiene guon dêrfan goed brûkber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)