Beleaning mantelsoargers

10 des 2008 - 18:08

118 mantelsoargers yn Weststellingwerf hawwe fan de gemeente in bedrach fan 250 euro krigen. De gemeente hat in soad wurdearring foar it wurk fan dizze minsken.

Mantelsoargers binne minsken dy't foar lange tiid soarch jouwe oan in famyljelid, freon of oare kunde. De gemeente hat yn totaal hast 30.000 euro oan beleaning útdield. Njoggentjin oanfragen foar dit saneamde mantelsoarchkomplimint binne ôfwiisd troch de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)